Kum fraachteken foar Feyenoord

14 mrt 2014 - 16:11
  • Chris Kum, SC Hearrenfean, Roda JC

It is noch ûnwis oft Chris Kum snein yn de wedstriid tsjin Feyenoord meidwaan kin. De ferdediger krige op de training in tik op syn noas. Kum hat no in breuk yn syn noas en it is de fraach oft hy dêr snein mei spylje kin. Anthony Lurling, Mitchell Dijks, Jukka Raitala en Ramon Zomer binne allegear blesseard. Raitala hat wol wer meitraind, mar sit net by de seleksje. Lurling is dizze wike opereard oan syn knibbel.

Feyenoord spilet snein sûnder Graziano Pellè. De spits is foar fjouwer wedstriden skorst.

Feyenoord stiet op dit stuit fjirde mei fiif punten mear as de nûmer seis Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)