Kulturele Haadstêd 2018 sponsorje foar 2018 euro

24 mrt 2015 - 18:50
  • Kulturele Haadstêd 2018 siket sponsors

De organisaasje fan Kulturele Haadstêd 2018 siket 2018 sponsors. De bedriuwen dy't sponsorje wolle, moatte elk 2018 euro ynbringe om lid te wurden fan de saneamde Club 2018. Dat hat de organisaasje tiisdei bekend makke op de bedriuwebeurs yn it WTC Expo yn Ljouwert.

Yn ruil foar sponsoring kinne bedriuwen dan harren eigen produkt ynbringe yn de offisjele merchandising. Doel fan de organisaasje is om sa 4 miljoen euro op te heljen foar de aktiviteiten yn 2018.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)