Kulturele Haadstêd: tink mei!

24 feb 2012 - 20:39

De organisaasje fan Ljouwert Kulturele Haadstêd siket minsken dy't meitinke wolle oer de ynfulling fan it saneamde bidbook. Dêr moat yn komme te stean wat Ljouwert en Fryslân allegear te bieden ha as Kulturele haadstêd fan Europa. Yn de twadde helte fan dit jier wurdt in kar makke út fiif Nederlânske stêden dy't krekt as Ljouwert gading meitsje nei de kulturele haadstêd.

Minsken dy't meitinke wolle, kinne alle woansdeis tusken tolven en ienen oanskowe by in iepen lunsj yn de Blokhuispoort yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)