Kulturele dagen OSG Sevenwolden

24 mrt 2004 - 00:00

Middelbere skoalle OSG Sevenwolden op it Hearrenfean organisearret woansdei en tongersdei 'kulturele dagen'. De learlingen dogge dan ferskate kulturele en sportive aktiviteiten. Sa is der body-art, sport, Frysk toaniel en iten siede. Ek kinne de learlingen it lân yn om fûgeltsjes te sjen of digitale foto's meitsje.

Gastdosinten, akteurs, keunstners en learkrêften moatte de learlingen begeliede.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)