Kultureel Snits ûnberikber

28 nov 2013 - 17:15

It Kultuer Kertier Snits hat bot lêst fan in tillefoansteuring. Minsken dy't nei Teater Snits, Keunstesintrum Atrium of poppoadium Bolwurk belje krije in voicemail of stean in skoft yn de wacht. De steuring wurdt feroarsake troch in stikkene server yn Amsterdam en duorret op dit stuit al twa dagen. De ferwachting is dat de steuring ek noch wolris in tal dagen oanhâlde kin.

Freed wurdt besocht om de server opnij op te bouwen. Minsken dy't kontakt sykje mei ien fan de ynstânsjes, kinne dat it bêste dwaan mei de mail of op de webside.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)