Kultureel skoalreiske troch Keunstwurk en Arriva

13 jan 2015 - 14:06
  • Kultueroere yn Fries Museum

Sawat 3500 Fryske basisskoallebern krije de kommende moannen kultuer foarset yn de foarm fan in besite oan in museum of it teater. Mei de bus wurde de bern nei Ljouwert brocht, dêr't se nei it Fries Museum gean en nei in toanielfoarstelling fan Tryater. Dêrneist spilet de bus in grutte rol. Om de bern yn 'e kunde komme te litten mei it iepenbier ferfier hat Arriva twa bussen beskikber steld.

Bern fan CBS De Bron út Damwâld hiene tiisdei de primeur. Se sieten yn de earste bus dy't de bern nei Ljouwert brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)