Kultureel Kwartier fan start

08 jul 2010 - 23:52

It Kultureel Kwartier Snits is offisjeel yn oanbou. Tongersdei sette de nijbou fan it teater en it Centrum voor de Kunsten útein. Dit waard fierd mei optredens fan in bigband, fanfare en in toanielspul op it wetter.

De happening fûn plak oan de Westersingel en de Kerkgracht yn Snits. It teater is tekene troch it lanlik bekende buro Alberts en van Huut, mar net eltsenien is der bliid mei. Der waard ek noch troch omwenners protestearre tsjin de bou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)