Kultureel Kwartier djoerder

23 nov 2007 - 20:25

De gemeente Snits hâldt der rekken mei dat de plannen foar in kultureel kwartier yn de binnenstêd fan Snits úteinlik boppe de begrutte 27 miljoen euro út komme sille. De hieltyd omheechgeande boukosten soene dêr de oarsaak fan wêze kinne.

Hoewol alle belutsenen posityf binne oer de komst fan de nijbou, binnee der ek noch wol wat mear fraachtekens yn de begrutting. Sa is der noch neat fan de fundraising en subsydzjes konkreet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)