Kultureel evenemint Kûbaard

05 nov 2009 - 21:15

Kûbaard krijt der in nij kultureel evenemint by. Acht keunstners út it doarp organisearje begjin july in evenemint mei workshops en kursussen ûnder de namme Kûb-art. Minsken krije dan les yn it meitsjen fan bylden of yn de keunsten fan de seefdruk.

De kursussen wurde oerol yn it doarp hâlden en doarpsbewenners kinne meidwaan. Meidwaan as kursist oan Kûb-art kostet in dikke 500 euro. Foar doarpsbewenners is it fergees.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)