Kultuerpriis nei skûtsjemuseum

15 jan 2014 - 20:29
  • De kultuerpriis fan de gemeente Tytsjerksteradiel

It skûtsjemuseum yn Earnewâld hat dit jier de Kultuerpriis fan de gemeente Tytsjerksteradiel wûn. Neffens de sjuery hat it museum de priis te tankjen oan syn unike karakter en oan de grutte útstrieling nei bûten ta. It museum lûkt sels minsken út it bûtenlân nei Tytsjerksteradiel.

It bestjoer fan it museum is bliid mei de priis. Foarsitter Harm de Vlas fan it skûtsjemuseum beskôget de priis as in foarm fan erkenning foar it museum. De jildpriis fan 950 euro wurdt mooglik bestege oan it opsetten fan in nije webside.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)