Kultuerpriis foar Feetwarmers

18 des 2002 - 00:00

De Feetwarmers krije dit jier de Biltse kultuerpriis. De kulturele ried fan de gemeente It Bilt hat dat bekend makke. De priis wurdt sûnt 1987 útrikt oan in persoan of ynstelling dy't him of har op bysûndere wize foar de Biltse kultuer ynset.

De band krijt de priis yn jannewaris útrikt en dan wurdt ek it sjueryrapport bekend makke. De priis bestiet út in bedrach fan 350 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)