"Kultuerplannen moatte fierder gean as KH2018"

14 apr 2015 - 15:37
  • Keunstwurk

Deputearre steaten moatte soargje foar in keunst- en kultuerbelied dat takomstbestindich is. Dat skriuwt Keunstwurk, it kennissintrum foar de keunsten yn Fryslân, yn in spesjaal pamflet. Sa moatte net alle pylken rjochte wurde op Ljouwert Kulturele Haadstêd, mar moat no ek al neitocht wurde oer de perioade dêrnei.

Neffens Keunstwurk moatte provinsje en gemeenten folle mear gearwurkje. Sa kin it keunst- en kultueroanbod better op elkoar ôfstimd wurde.

Der moat boppedat in provinsjaal fûns komme foar de ûntwikkeling fan talint yn de provinsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)