Kultuerhistoaryske kaart Fryslân

19 apr 2002 - 00:00

Der komt in kultuerhistoaryske kaart fan Fryslân. Dêr steane alle histoarysk wichtige punten op, lykas argeologysk weardefolle plakken en monuminten.

De kaart sil by elk nijbouplan rieplachte wurde moatte. Sa kin de provinsje foarkomme dat der op histoaryske plakken ferkearde gebouwen komme. Neffens deputearre Mulder set de kaart net in rem op nije ûntwikkelings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)