Kultuerhistoarysk boek oer Waad

31 okt 2005 - 10:07

Utjouwerij Tirion yn Baarn jout in kultuerhistoarysk boek út oer it Waad mei de titel 'Wadden, verhalend landschap'. It boek beljochtet it histoarysk lânskip en it kulturele erfguod fan it Waadgebiet.

It giet net allinne om de Nederlânske Waadkust, mar ek dy fan Denemarken en Dútslân. It boek is gearstald troch skriuwers út de trije taalgebieten. No tongersdei is de presintaasje by de Waadseekonferinsje op Skiermûntseach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)