Kultuerfûns jout jild

10 apr 2009 - 20:55

It Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân hat goed 60.000 euro takend oan ynstellings yn de provinsje op it mêd fan kultuer en natuerbehâld. It festival om de betinkingen fan prinses Anna van Hannover en de komponist Händel fan de Stichting Nassau en Fryslân yn Ljouwert, krijt 4000 euro.

Fierder giet der jild nei muzykferiening Ons Ideaal út Easterwierrum. Ek de Stichting Iepenloftspul Burgum krijt in bydrage.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)