Kultuer yn eardere finzenis

08 aug 2008 - 10:59

Finzenis De_Blokhúspoarte yn Ljouwert krijt foarearst in kulturele bestimming. It Grinzer bedriuw CareX is it mei de eigner fan ´e eardere finzenis, de Ryksgebouwetsjinst, iens wurden oer it tydlike gebrûk fan it gebou.

CareX sil yn it âlde gefang publyksmanifestaasjes hâlde. Ek krije keunstners dêr atelierromte. De kulturele bestimming duorret salang´t der in definityf plan foar de Blokhúspoarte is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)