Kultuer Ljouwert herfoarme

28 jun 2011 - 08:12

It fisydokumint omfoarming keunst en kultuer yn Ljouwert is oannommen. Dat betsjut dat der bot besunige wurde sil op de kultuer yn de stêd. In moasje fan de trije kolleezjepartijen om it stik op it mêd fan de kultueredukaasje noch oan te passen is oannaam.

Geert Drion, direkteur fan keunstesintrum Parnas, is dêr goed oer te sprekken. Neffens him betsjut dat dat der noch in kâns is dat Parnas bestean bliuwe kin. Op 1 novimber falt der in definityf beslút oer it jild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)