Kulinêre beurs op Lauswolt

01 sep 2004 - 10:08

Fryslân krijt in grutte kulinêre beurs en priuwerij op Landgoed Lauswolt yn Beetstersweach. Yn de Rânestêd binne sokke eveneminten al langer gewoan.

Tsien sjefs út de trije noardlike provinsjes sille har keunsten fertoane en it resultaat priuwe litte. Boppedat sille in 45 standhâlders allerhande hapkes en drankjes oanbiede. De beurs is yn novimber. Dan kinne minsken ek ideeën opdwaan foar it krystmiel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)