Kuivenhoven ek by 4-deiske

20 jul 2006 - 08:43

De 90e edysje fan de Fjouwerdeiske fan Nijmegen is al wer foarby. Tiisdeitejûn makke de organisaasje bekend dat it evenemint mei 48.000 kuierders nei de earste dei rinnen al ôflast wurdt.

Dit nei oanlieding fan de dea fan twa kuierders fanwege de waarmte. Ien fan de protte Friezen dy't meidiene, is TV-talint-winneres Renate Kuivenhoven. Sy hie net echt lêst fan de waarmte en fynt it spitich dat de tocht ôflast is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)