Kuipers ynformateur op it Fean

18 nov 2013 - 21:20
  • Gemeentehûs op It Hearrenfean

PvdA-riedslid Cees Kuipers fan Smellingerlân sil as ynformateur ûndersykje wat de mooglikheden binne foar in nije koälysje yn de gemeente Hearrenfean. Kuipers is foardroegen troch de PvdA. Dy partij wûn ferline wike woansdei de ferkiezings. Moandeitejûn binne de oare partijen akkoart gien mei de beneaming.

Kuipers, dy't earder wethâlder wie yn Smellingerlân, sil de kommende wike mei de partijen om tafel. Nei de riedsgearkomste fan 25 novimber sil er syn befinings foarlizze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)