Kuipers start net op 1000 meter

29 des 2005 - 15:52

Reedrider Simon Kuipers fan it Hearrenfean hat him ôfmelden foar de 1.000 meter fan it Olympysk Kwalifikaasjetoernoai. Undersyk yn it sikehûs hat útwiisd dat Kuipers in skuorke yn syn ljisk hat.

Troch syn ôfmelding ferspilet Kuipers syn kâns om yn Turijn op 'e 1000 meter te starten. Kuipers docht freed ek net mei oan de 1500 meter, mar op dizze ôfstân kin hy noch wol meidwaan oan de skate-off op 13 jannewaris.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)