Kuipers net mear yn aksje by WB

19 nov 2006 - 12:19

Simon Kuipers fan It Hearrenfean komt dit jier net mear yn aksje by de wrâldbekerwedstriden. De reedrider melde him snein ôf foar de WB-race oer 1000 meter, omdat er wer lêst krige fan in rêchblessuere. Kuipers rûn de blessuere op by it NK ôfstannen, begjin novimber.

Nei syn optreden op de 1500 meter dit wykein fielde Kuipers wer pine yn de rêch en krige er ek noch lêst fan de ljisk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)