Kuiper wol dúdlikheid fan TVM

22 apr 2010 - 20:05

Reedrydcoach Geert Kuiper wol foar begjin maaie witte oft hy by TVM bliuwe kin. Syn kontrakt by de ploech fan Sven Kramer en Ireen Wüst rûn nei de Spelen yn Vancouver ôf.

Kuiper is in nije oerienkomst yn it foarútsjoch steld. Mar oant no ta hat hy noch neat heard. En dat sit him net lekker. By TVM wurdt socht nei in nije coach dy't tegearre mei Gerard Kemkers takom seizoen mei de ploech oan de slach moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)