Kuiper gjin foarsitter Langwar

29 mrt 2010 - 14:49

Boargemaster Bert Kuiper stapt as foarsitter út it bestjoer fan it Langwarder Skûtsje. Sponsoren easken neffens Kuiper syn opstappen. Oars soe de finansjele stipe stopset wurde.

It Langwarder Skûtsje krijt foar in grut part finansjele stipe fan Business Club De Zwaan. En dy klup is neffens Kuiper net bliid mei de komst fan 'e nije skipper Ulbe Brandsma. Sy hiene leaver Ulbe Zwaga oan it roer sjoen en kamen dêrom mei in ultimatum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)