Kuiper fuort by TVM-ploech

05 apr 2005 - 15:32

Trainer Geert Kuiper wurket takommend seizoen net mear foar de reedrydploech fan TVM. In tal reedriders wol har mei in oare coach tariede op de Olympyske Spelen yn Turijn. Under oaren Gerard van Velde en Beorn Nijenhuis hawwe oanjûn dat se mei in oare trainer besykje wolle mear foarútgong te boeken.

Kuiper is teloarsteld oer it beslút. Hy is sûnt 2000 by de TVM-ploech belutsen. Der wurdt no socht nei in opfolger.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)