Kuiper docht oanjefte tsjin SP

05 feb 2010 - 20:36

Boargemaster Kuiper fan Skarsterlân sil sneontemoarn oanjefte by de plysje dwaan fan falskheid yn geskrifte fanwege fraude fan de SP-wurkgroep yn syn gemeente. Ferline wike waard dúdlik dat de SP in falske hantekening fan SP-partijlieder Jan Marijnissen ûnder de kandidatelist foar de gemeenteriedsferkiezings set hie.

Kuiper hat it Iepenbier Ministearje om advys frege. Hy sil no as haad fan it stimburo yn Skarsterlân oanjefte dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)