Kuiper bliid mei maatregel

14 nov 2007 - 13:40
  • Boargemaster Kuiper fan Skarsterlân is bliid mei de útspraak fan de Twadde Keamer

Boargemaster Kuiper fan Skarsterlân is bliid mei de útspraak fan de Twadde Keamer dat boargemasters ynformearre wurde moatte as seledelekwinten yn de gemeente komme te wenjen. De boargemaster kin dan maatregels nimme lykas it warskôgjen fan de wykplysje.

Kuiper fynt net dat de buert ek yn't foar ynformearre wurde moat. Der wie in pear moanne lyn in sedesaak op 'e Jouwer, mei in Jouster(47) dy't him skuldich makke oan berneporno.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)