Kuiertocht Rondje Ameland dit jier grutter as oars

12 feb 2015 - 09:59

Oan de kuiertocht Rondje Ameland kinne dit jier tûzen dielnimmers meidwaan. Oant no ta wiene dat der 500. De winkellju fan Hollum hiene de organisaasje fan de tocht frege om it dielnimmersfjild fierder út te wreidzjen om sa mear minsken nei it eilân te heljen.

Rondje Ameland wurdt 6 juny holden. De start is dit jier op in oar plak en ek de rûte is foar in part feroare. Underweis binne der meardere kontrôle- en rêstposten. De finish is op it Zwaneplein. Dêr wurdt ek in grut feest holden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)