Kuierrûte Achlum iepene

25 maaie 2008 - 11:58

Yn Achlum is sneintemoarn offisjeel de kuierrûte iepene, wêrmei't it doarp earder dit jier in priisfraach fan Lânskipsbehear Fryslân wûn. Lânskipsbehear frege doarpen yn de provinsje om in rûte yn te stjoeren foar in kuier by it eigen doarp.

Uteinlik kamen der 52 ynstjoerings binnen. In rûte yn de buert fan Achlum kaam as winner út de bus. Dy rûte is iepene troch de direkteur fan Lânskipsbehear en de foarsitter fan Doarpsbelang Achlum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)