Kuierpaad by sânwinput Oerterp

17 jul 2012 - 17:31
  • Gemeente Opsterlân

De gemeente Opsterlân en de firma Van Oord binne it iens wurden oer de ynrjochting fan in kuierpaad by in sânwinput fan Van Oord by Oerterp. Der komme feeroasters yn om foar te kommen dat jongfee ûntkomt en in part fan it paad krijt in plakje tichter by it wetter. Ek komme der markearingsbuorden en in ynformaasjeboerd.

Doe't Van Oord de sânwinput yn gebrûk naam, binne der ôfspraken makke dat sa'n paad oanlein wurde soe. Oer it ûnderhâld binne lykwols gjin ôfspraken makke dus as it net ferhurde paad net genôch brûkt wurdt, sil it ferdwine.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)