Kuierpaad Feanhoop moat iepen

10 aug 2008 - 11:53

It kuierpaad om it kampingterrein op De Feanhoop moat foar elk tagonklik bliuwe. Dat fine B&W fan Smellingerlân. Eigner De Groot fan it rekreaasjeterrein wol it paad ôfslute foar minsken dy't neat op syn kamping te sykjen ha.

Hy hat dêrom in stek delset. De gemeente hat him opdracht jûn om it foar in part iepen te setten sadat minsken der del kinne. De Groot wol dat net. De gemeenteried hat it lêste wurd en praat der takom woansdei oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)