Kuierje mei Pieter Stuyvesant

02 sep 2012 - 10:30
  • De kuierders by it byld fan Pieter Stuyesant

Fjouwerhûndert kuierders hawwe sneon meidien oan it tocht ta oantinken oan Pieter Stuyvesant. Dy waard 400 jier lyn berne yn Pepergea. Dat plak wie ek it startplak fan de kuiertocht. Fierder waarden ûnder oare Wolvegea en natuergebiet De Rottige Meente oandien.

Underweis wiene der muzykoptredens en der waard in groet brocht oan in monumint ta oantinken oan Stuyvesant dat yn Skerpenseel stiet. It giet om in tocht dy't net faker hâlden wurde sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)