'Kuierfuotbal' yn Cambuurstadion

25 nov 2014 - 15:26
  • Kuierfuotbal foar 60-plussers yn it Cambuurstadion

De Old Stars fan SC Cambuur, SC Hearrenfean en FC Grins hawwe tiisdei in toernoai 'walking fuotbal' ôfwikkele yn it Cambuurstadion. It giet om in fuotbalfariant foar 60-plussers. De fariant wurdt stimulearre fanút it Nationaal Ouderenfonds om de âlderen te stimulearjen yn beweging te bliuwen. Mei de 'kuierfuotbal'-fariant kin by ferskate earedivyzjeklups elkenien mei in passy foar fuotbal op ferantwurde wize oan harren kondysje wurkje.

Walking fuotbal betsjut dat drave ferbean is. Je meie allinnich rinnend fuotbalje of fluchkuierje.

De bal mei ek net heech spile wurde. By heech spyljen of hurddrave wurde je ôffluite. De wedstriden wurde ôfwurke op in healfjild mei 6 tsjin 6 spilers. Der bestiet yn de dissipline gjin kompetysje, mar wol ien kear yn it jier in NK. Takom jier sil dit yn Almelo wêze op 24 jannewaris 2015. Om wat wedstrydritme op te dwaan, hâlde de teams sa no en dan oefenduels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)