Kuierevenemint Amelân folboekt

20 okt 2011 - 10:28

It kuierevenemint Tussen Slik en Zand, dat kommende sneon op It Amelân holden wurdt, hat syn dielnimmerslimyt berikt. Oan it evenemint kinne 600 minsken meidwaan. Dy hawwe har yntusken fia ynternet ynskreaun. De dielnimmers kinne kieze út ofstânnen fan 10, 17 en 25 kilometer.

It evenemint wurdt foar de earste kear holden. Om it kuierjen hinne wurde ek oare akviteiten organisearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)