Kuierders steure har net oan koade giel

02 jun 2015 - 20:32
  • Koade giel hold de kuierders net tsjin
  • Dielnimmers oan de jûnsfjouwerdaachse fan Ljouwert

De dielnimmers oan de Avondvierdaagse (fjouwerjûnetocht) yn Snits lieten har net ôfskrikke troch de waarberjochten. Stoarm, rein, sels koade giel koe de kuierders net tsjinhâlde. De twadde dei fan de avondvierdaagse moast rûn wurde. De organisaasje hie wol mei spanning it waar yn de gaten hâlden, mar hat der net oan twifele om de tocht trochgean te litten. En sadwaande stapten de Snitser bern stoer troch de stoarm.

Ek op ferskate oare plakken yn Fryslân, lykas yn Ljouwert, gie de jûnsfjouwerdaachse gewoan troch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)