Kuierders mei mes bedrige

14 jun 2013 - 11:20

De plysje hat tongersdei yn Snits in 21-jierrige man út Ljouwert oanhâlden. De man wurdt derfan fertocht dat er in kuierder oan it Dryltsterplein bedrige hawwe soe mei in mes.

De plysje hie in sinjalemint fan de fertochte en gegevens oer syn auto en koe him dêrtroch achterhelje. It mes is yn beslach nommen. De oanlieding foar de bedriging is noch net dúdlik. De plysje makket proses-ferbaal op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)