Kuierders dupe fan ynbraak

17 okt 2011 - 10:51

Twa parkearde auto's binne sneintemiddei iepenbrutsen foar stellerij, wylst de ynsittenden oan it kuierjen wiene yn de bosken. Dat wie by Haulerwyk by de blauwe bosk en oan de Beakendyk by Sigerswâld. Yn beide gefallen wie in rút ynslein om deryn te kommen. Yn de auto's leine tassen mei in beurs deryn en oare saken. Sneintemiddei wie it drok mei parkearde auto's fan kuierders. De plysje freget minsken dy't wat sjoen hawwe, harren te melden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)