Kuierder oanfallen troch ree

13 jun 2009 - 11:26
  • Op dit plak waard de kuierder oanfallen troch de ree
  • De man waard rekke yn 'e búk en oan de hannen

In lilke ree hat ofûne wykein in kuierder oanfallen op it Kealledykje by Ljouwert. Hylke Visser út Ljouwert rûn dêr mei twa hûnen oan de line doe't hy de ree tsjinkaam. It bist folge harren earst en foel de man doe ûnferwachte oan mei útstutsen hoarnen.

Visser rûn dêrby ferwûnings op oan de búk en hannen en hat foar behanneling nei it sikehûs west. Hy hat gjin idee wêrom't de ree him oanfoel. Fuort nei de oanfal hat hy de plysje belle. Dy hawwe de ree net mear oantroffen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)