Kuierder mist jiskefet yn bosk

12 feb 2014 - 11:30
  • Bosk Haskerhoarne
  • Bosk Haskerhoarne

Kuierders yn de bosk fan Haskerhoarne kinne har ôffal net mear kwyt. Steatsboskbehear hat ferline jier simmer de jiske-amers by de bankjes fuorthelle. Steatsboskbehear moat besunigje op it opromjen fan ôffal no't dêr minder jild foar begrutte is. Ut in eardere pilot docht bliken dat minder ôffal achterlitten wurdt as der gjin jiske-amers steane. Pleatslik Belang Haskerhoarne krijt klachten fan doarpsbewenners oer it ûntbrekken fan jiske-amers of in grutte kontener.

Doarpsbelang wol mei Steatsboskbehear en de gemeente prate oer in passende oplossing foar it ôffal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)