Kuierder komt om by oanriding

24 nov 2012 - 09:00
  • Poeisz, Oerfal, Ljouwert

In 62-jierrige frou fan Langsweagen is freedtejûn om it libben kaam by in oanriding op De Plasse yn har wenplak. Se liet har hûn út en kuiere oer de dyk. In 20-jierrige automobilist hie de frou net sjoen. Efkes earder waard se al hast oanriden troch in oare automobilist. Dy koe har krekt ûntwike. Neffens de plysje hie it slachtoffer gjin reflektearjende klean oan en wie se kwalik te sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)