Kuieralvestêdetocht fan start

27 maaie 2014 - 08:06

De 68e edysje fan de Kuieralvestêdetocht is tiisdeitemoarn fan start gien yn Ljouwert. Fiif dagen lang rinne de dielnimmers de Fryske stêden del. Tiisdei is mei hast 50 kilometer it langste trajekt.

It bestjoer fan de organisaasje is hast hielendal fernijd. De kuiertocht moat it dit jier sûnder haadsponsor dwaan, nei't soarchferserkerder De Friesland dermei ophâlden is. De organisaasje hat dêrom kosten besparre en sil op syk nei in nije sponsor. Se wolle de dielnimmers mear belûke by de tocht, bygelyks troch social media te brûken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)