Kuier troch Oranjewâld

22 jul 2007 - 15:07

Mei in spesjale Albertine Agneskuier hat Steatsboskbehear dit wykein omtinken frege foar it ûntstean fan Oranjewâld. Neffens de organisaasje lûke it park en it bosk alle simmers wer in soad besikers, mar witte net in soad minsken hoe't it dêr kaam is.

In groep frijwilligers is in pear jier lyn begûn mei rûnliedings. De namme Albertine Agnes moat dúdlik meitsje hoe grut de rol fan de Oranje's wie by it ûntstean fan Oranjewâld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)