Kûgelbrief foar Halbe Zijlstra nei útspraak oer flechtlingen

27 okt 2015 - 18:38
  • Halbe Zijlstra

Lanlik VVD-fraksjelieder en Fries om utens Halbe Zijlstra hat in kûgelbrief krige. De brief wie stjoerd nei de Twadde Keamer nei't Zijlstra dêr it VVD-plan foar soberder húsfesting fan flechtlingen lansearre hie. Dat wie op 10 oktober.

Zijlstra hat oanjefte dien by de plysje. Hy sei tsjin de NOS dat er him net beynfloedzje lit troch minsken dy't kûgelbrieven stjoere. Zijlstra giet nei eigen sizzen troch mei it beneamen fan problemen om flechtlingen hinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)