Kûbaard hat oarlochsmonumint

04 maaie 2009 - 15:38

It hat hast 65 jier duorre, mar Kûbaard hat in oarlochsmonumint. Dat it der oant no ta net fan kaam, hat neffens de inisjatyfnimmers foaral te krijen mei it sletten wêzen fan de minsken oer de oarloch. De neibesteanden moasten fierder en woene ferjitte wat der bard wie.

It monumint is oprjochte foar de Kûbaarder oarlochsslachtoffers Jouke Cnossen, Ype Hemstra, Siementsje Dykstra, Siebren Koopmans en Rients Tjipke Jorna.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)