Krysttiid soarget foar topdrokte by Fryske ûndernimmers

24 des 2015 - 17:32

In lekker wyntsje, in kalkoen, byfstikken of oksehazze. It gie tongersdei allegearre oer de toanbank. Elkenien wol fansels in lekker krystmiel ha en dat soarge foar topdrokte by de Fryske ûndernimmers, sa krekt foar de krystdagen.

Der stienen tongersdei lange rigen foar de kassa's fan de supermerken. Ek slachters en bakkers makken oeroeren. De krystdrokte komt omdat de Friezen oer it algemien let har krystynkeapen dogge. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)