Krystteam skoart 17.500 euro

31 des 2011 - 10:35

De radiomaraton fan it Krystteam Tsjom hat 17.500 euro opsmiten. It team hat sân dagen lang fersykplaten draaid op in eigen stjoerder, foar dy platen moast betelle wurde. Op de lêste dei waard der ek in feiling hâlden.

It jild giet nei in goed doel. Dat is dizze kear de Stichting SamenUit. Dy organisearret aktiviteiten foar bern mei in beheining.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)