Krystteam hellet E 12.500 op

03 jan 2010 - 13:12

It saneamde krystteam yn Tsjom hat mei in radiomaraton fan moandei 21 oant snein 27 desimber 12.500 euro ophelle foar útfanhûs-hûs Hjem yn Snits. De radiomaraton waard holden yn in loads by Tsjom mei in antenne op in kraan.

Dizze aksje barde foar it earst yn fiif jier legaal. Ferline jier waard de maraton stillein fanwege it ûntbrekken fan in fergunning. Hjem is in útfanhûs-hûs foar bern mei in beheining. Mei it jild wurdt in bus kocht foar it ferfier fan de bern.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)