Krystplaat oer 'ús Derek'

19 des 2011 - 17:48

Begjin oktober waard er fan 'e slacht rêden en no hat er syn eigen krysthit: Derek Buitenzorg. De draver, dy't eigendom is fan de sportredaksje fan Omrop Fryslân, is ûnderwerp fan it nijste nûmer fan it bekende Fryske sjongduo Die Twa. It nûmer hat de titel ‘Us Derek’ krigen en is opnaam op de meldij fan miskien wol de bekendste krysthit fan de wrâld 'Happy Christmas (War is over)' fan John Lennon.

De klip fan it nije nûmer is moandei op tv yn premjêre gien yn it sportprogramma Boppeslach.

Die Twa hat it ferhaal fan Derek Buitenzorg ferline wike, op fersyk fan de sportredaksje, op tekst setten. Dêrnei is ûnder grutte tiidsdruk yn ien dei in klip makke. De klip is opnaam yn de studio's fan Omrop Fryslân en op lokaasje yn Terbant yn de stâl fan Eelke Kruis, dêr't Derek stiet. Foar it bernekoar op de achtergrûn is meiwurking fûn fan it bernekoar fan basisskoalle De Wyngert yn Drachtsterkompenije, ûnder lieding fan Egbert Klazenga. Die Twa is ûnder oare bekend fan de nûmers ‘Fûgels’, ‘Sinnewaarmte’ en ‘Winter’.

It nûmer Us Derek wurdt sûnt sneon op Omrop Fryslân Radio draaid en de is de kommende wiken geregeld op televyzje te sjen. De sportredaksje hat der alle fertrouwen yn dat it in hit wurdt en de Fryske Top 100 fan dit jier noch helje sil. De stimming dêrfoar duorret noch oant en mei sneon 24 desimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)