Krystpakketten foar bern

19 des 2013 - 12:45

Goed twahûndert bern yn Ljouwert dy't yn earmoed libje, krije ien fan dizze dagen in krystpakket. Dy komme fan it Sterrenfonds dêr't ûnder oaren sjonger Frans Bauer ambassadeur fan is. Der is foar Ljouwert keazen, omdat dat plak yn de top-tsien fan earmste gemeentes fan Nederlân stiet. Doel fan it fûns is om bern yn Nederlân yn dizze desimbermoanne wer hielendal bern wêze te litten.

Mei-inoar krije tolvehûndert bern yn Nederlân in krystpakket. De seleksje is dien troch de Voedselbanken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)