Krystpakkette-aksje rint dreech

23 des 2003 - 00:00

De Stichting Houvast fan It Hearrenfean sit sa flak foar de Krystdagen mei de hannen yn it hier. De jierlikse krystpakkette-aksje rint net goed. Alle jierren jout Houvast oan goed 150 minsken mei in útkearing in krystpakket kado. Mar oan de stichting is noch mar ien sa'n pakket skonken.

Der wurdt no socht nei in grutte sponsor. As dy net fûn wurdt, dan wurde alle minsken dy't it pakket krije soene ôfbelle. Ferline jier rûn it ek dreech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)